Bynt fan 3 novimber 2014 17:20

Brassband De Bazuin
Brassband De Bazuin út Oentsjerk hat sneontejûn op de Nederlânske Brassband Kampioenskippen de kampioensdivyzje wûn. Dat wie 13 jier lyn foar it lêst bard. Under lieding fan Klaas van der Woude spile De Bazuin as bêste it ferplichte wurk Journey of the Lone Wolf fan komponist Simon Dobson. Jûn skoot foarsitter Jelmer Bouma oan om út te lizzen wêr't it súkses weikomt...

It programma fan it Noordelijk Film Festival
Hoe soargest der elk jier foar dat it Noordelijk Film Festival in moaie miks fan films krijt? Dat der foar elke besiker wat te sjen is? Hoe lestich is dat? Fredau Buwalda is programmeur fan it Film Festival en leit út wêrom't guon films wol goed passe, en oaren wer hielendal net.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)