Bynt fan 3 maart 2014 18:30

  • Goudsmid Chantal yn aksje

De kâns is grut dat Fryslân der ynkoarten fjouwer supermodellen by hat. Fan moarn ôf binne fjouwer Fryske famkes te sjen yn it nije RTL-5 programma "I can make you a supermodel". It programma betsjut ek de trochbraak foar Margreet Kooistra. Sy hat in modelleburo yn Surhústerfean en 'ûntdekte' de famkes. Oan tafel Margreet Kooistra, en Sigrid, dielnimmer oan it programma en miskien wol de nije Doutzen...

Wol je daliks nei skoalle oan it wurk, dan moat je of it heger ûnderwiis yn of foar in ambacht kieze. Bynt siket dizze wike jongeren op dy't foar sa'n ambacht keazen ha. Lykas de 24-jierige Chantal Walsweer fan Ljouwert. Sy is goudsmid en hat sûnt twa jier har eigen saak op 'e Nijstêd yn Ljouwert.

Krimp, leechstân en kwealik foarsjennings. As je de berjochten leauwe meie is it ien en al ellinde yn Noard-East Fryslân. Ynwenners fan Ie, Holwert, Peazens-Moddergat en Mitselwier binne it dêr net mei iens en strûpe de mouwen op. Martin Cnossen en Jelmer Kok út Ie lizze de plannen op tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)