Bynt fan 3 febrewaris 2015 17:20

Nije fontein yn Ljouwert
By it stasjon yn Ljouwert komt in opfallende fontein te stean. De fontein bestiet út in jonges- en in famkesholle fan sân meter heech dy't mekoar oansjogge. It ûntwerp fan de Spaanske keunstner Jaume Plensa is tiisdeitemiddei presentearre. Wy prate der oer mei de artistyk lieder fan it projekt, Anna Tilroe.

Dirigint Frans-Aert Burghgraef
Hy is noch mar 31, mar wûn dit wykein wol in grutte priis by in ynternasjonaal konkoers yn Taiwan. Dirigint Frans-Aert Burghgraef, as jonge dirigint begûn by Soli Brass yn Ljouwert, waard út in lange list fan diriginten keazen om mei te dwaan yn Azië. Dêr moast hy trije stikken dirigeare mei ferskate Aziatyske orkesten.

Trochsetter Hendrik
Dizze wike bringe wy fjouwer reportaazjes oer trochsetters. Hjoed it ferhaal fan Hendrik Bootsma út Hylpen. Hy knalde, letterlik, syn eigen takomst fuort. Hy rekke beide hannen kwyt mei in selsmakke bom. Mei troch syn swarte humor hat er syn draai wer fûn.

In nije oplieding yn it teken fan molke
Tweintich studinten fan it Van Hall Larenstein begûnen hjoed yn Ljouwert oan in oplieding dy't folslein yn it teken stiet fan molke. Nei de sluting fan de suvelskoalle yn Boalsert 20 jier lyn, is it de earste echte oplieding oer it produkt dat Fryslân syn ekonomyske groei jaan moat. Oan tafel de lektor fan de oplieding, Peter de Jong.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)