Bynt fan 3 desimber 2014 17:20

Wa hat der noch foto's út de Twadde Wrâldoarloch?
Wa hat op souder noch foto's fan Ljouwert yn de Twadde Wrâldoarloch? It Histoarysk Sintrum yn de stêd is dwaande mei it gearstallen fan in fotoboek oer dy tiid. Sy binne op syk nei dy iene foto mei dat spesjale ferhaal. Sneon start in spesjale aksje om foto's boppe wetter te krijen.

De skoaldokter op besite
Skoaldokter Aleid Westerveld skoot jûn oan yn Bynt. Sy sil fertelle oer de taname fan hollelús en oare sykten. Hasto bygelyks alris heard fan foet-, hân- en mûlesykte? Hoe kist it krije en kin it kwea?

Gastfrij Gaasterlân
Wy sjogge dizze wike nei de gastfrijheid fan Gaasterlân. Mei it gerommel yn Riis gean wy werom yn de tiid. Hjoed it ferhaal fan de Molukkers yn de streek...

In atelier yn Nepal
Minne wurkomstannichheden, fier fuort fan harren heit en mem. En dat foar mar in bytsje sinten. Sa sjocht it libben fan in soad jonge famkes yn Aziatyske lannen derút. Grutte kleanmerken wurde oproppen gjin saken mear te dwaan mei dizze malafide fabriken. Rinsma Fashion fan De Gordyk hat sûnt koart in eigen naaiatelier yn Nepal iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)