Bynt fan 29 septimber 2015 17:20

In min sifer foar de Fryske HBO’s
De trije Fryske hegeskoallen NHL, Van Hall Larenstein en Stenden University bakke der net folle fan. Dat fine alteast de studinten oan dizze skoallen. Harren miening stiet yn de keuzegids HBO 2016. Studint Christopher Morgan leit út.

Professor krimp
Bettina Bock is de earste krimpprofessor fan Nederlân. Offisjeel hjit dat in bysûnder heechlearaar befolkingsdelgong en leefberens. Sy sjocht wol kânsen foar de krimpgebieten yn Fryslân.

De biste-opfang fan Norma
Op in moaie simmerdei yn juny stoart de wrâld fan Norma Miedema yn. Har libbenswurk, de biste-opfang Norma 's Universum, brânt folslein ôf. Hoe no fierder? Ferslachjouwer Janko Krist folge Norma de lêste moannen op 'e foet.

De taalrubryk fan Anna Marije Bloem
Der barde fan alles de ôfrûne moanne op it mêd fan de Fryske taal. In boarne fan ynspiraasje dus foar ús taalrubryk. Of ja, ús taalrubryk? De taalrubryk fan ús eigen Anna Marije Bloem!

BY29IO02

Yn Holwert wolle se in hotel meitsje fan leechsteande huzen...

Hoe is it no mei Norma Miedema, diel 2

Hoe giet it no mei Norma?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)