Bynt fan 29 septimber 2014 17:20

  • Diereambulânse

Lotten ferkeapje foar in nij MFC
Undernimers en ferienings yn Hantum hawwe in lotterij op poaten set dêr't grutte prizen te winnen binne. Se wolle mar leafst 90.000 lotten ferkeapje om mei de opbringst in MFC yn it doarp te realisearjen. Mar dêr hâldt it net op. Yn Hantum binne se fan doel om de lotterij elk jier te organisearjen, ûnder de namme Warm Hart Loterij, om ek oare lytsskalige projekten yn Fryslân te finansierjen. "Crowdfunding" foar plattelânsprojekten dus.

Skûtsjesilen mei Stifting 'Foar de Neiteam'
Age Veldboom is bestjoerslid fan de stifting Foar de Neiteam. Ien fan de doelen fan dizze stifting, is de fersprieding fan it skûtsjesilen ûnder de Fryske befolking/jeugd. Want hoe komsto oan board as dyn namme net Meeter of Zwaga is? Age fertelt wasto dan dwaan kinst.

Op paad mei de diereambulânse
Bynt giet yn de wike foar dieredei op paad mei de diereambulânse yn Súdeast-Fryslân. Hoe giet dat no, wat komme je allegear tsjin as frijwilliger? En hoe kinsto de bistjes it bêste helpe?
Stjoer ús in filmke fan dy mei dyn húsdier. De leukste ynstjoering wurdt beleanne mei in 'bedjerpakket' foar it bistje (ôfhinklik fan de winner, in hynder krijt wat oars as in kavia fansels).

Hoe komt it mei De Lawei?
Kin De Lawei wer fierder mei bouwen of bliuwt de boel noch langer stillizzen? Om dizze fraach draaide it hjoed by de sitting fan de Raad van Arbitrage voor de Bouw. Direkteur Stef Avezaat fertelt hoe't de dei wie foar him en wat de kommende wiken bringe foar syn teater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)