Bynt fan 29 oktober 2015 17:20

Tal leden iisklups sakket
It giet net goed mei it tal leden fan iisklups yn Fryslân. Der binne te min jonge en te folle âldere leden. Age Veldboom, foarsitter fan de iisklup yn Earnewâld, fertelt jûn yn Bynt wat de iisklups hjir oan dwaan kinne.

Ambysjes amateurtoanielspilers
Doare al dy Fryske amateurtoanielspilers wol te dreamen? En hokker dreamen ha se dan? Dat wol de STAF, de stichting amateurtoaniel Fryslân, dit wykein op in kongres dúdlik krije. Rozemarijn Strubbe, regisseur foar amateurtoanielselskippen, fertelt hjiroer yn Bynt.

Fryske help yn Nepal
Dizze wike lit Bynt fjouwer reportaazjes sjen oer it gebiet yn Nepal dat it swierst troffen is troch de ierdbeving fan earder dit jier. Ferslachjouwer Gerrit de Boer reizge mei in Fryske helporganisaasje nei Nepal om te sjen hoe't it der no foar stiet.

De gouden tip foar yrritante kollega’s
Smokende, smakkende en lûd beljende kollega 's. Foar elkenien werkenber. Japke D. Bouma jout yn har boek 'Survivalgids voor de Kantoorjungle' jûn yn Bynt de gouden tip om mei dizze yrritaasjes om te gean.

Fryske help yn Nepal, diel 4

Fryske help yn Nepal

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)