Bynt fan 29 maart 2016 17:20

Wenningen foar âlderen
Der driget in tekoart oan wenningen foar âlderein, dat blykt hjoed út ûndersyk fan âldereinorganisaasje ANBO. It probleem spilet foaral op it plattelân. Mar Moarre en Ljussens binne dwaande mei in projekt dat wolris de oplossing wêze kin. Yn Bynt Tettie Stiemsma, de inisjatyfnimmer.

Ien jier molkkwotum
In jier lyn waarden Fryske boeren ferlost fan it molkkwotum, mar no rint it ôfskaffen fan it kwotum út op 'in grutte ramp'. Dat fynt alteast Kees Kooman, skriuwer en ûndersyksjoernalist. Hy sit jûn yn Bynt.

It Swarte Goud
De ferhalen oer Fryske hynders binne kommend wykein yn de dokumintêrerige ‘It Swarte Goud’ te sjen. Yn Bynt dizze wike it Swarte Sulver, ferhalen dy't de rige net hellen, mar dy't te moai binne om te ferjitten.

Taalrubryk
Anne Marije Bloem hat yn Bynt in bulte primeurs yn har taalrubryk. In nije game foar bern om it Frysk te learen. Mar sy makket ek de skriuwer fan it Grut Frysk Diktee bekend.

Sjeasride yn Warkum

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)