Bynt fan 29 maaie 2015 17:20

Bynt Sport op freed

Freedtejûn betsjut dat it wer tiid is foar Bynt Sport. Jûn prate wy, hoe kin it ek oars, oer SC Hearrenfean. De ploech fan trainer Dwight Lodeweges spile juster 2-2 tsjin Vitesse. Takom snein is de útwedstriid yn Arnhem. Hoe sjocht Foppe de Haan de kânsen fan de Feansters? Hoe goed wie Hearrenfean juster? En hoe sil dat snein wêze?

Ek oan tafel ferdigener Jerry St. Juste. Hy komt út de eigen jeugd en spilet no yn it earste alvetal. Hoe sjocht hy werom op dit seizoen? En hat hy al nocht oan de Europeeske wedstriden takom jier? Fansels prate wy ek oer it korrupsjeskandaal binnen de wrâldfuotbalbûn FIFA. Dat sille wy foaral dwaan mei tafelgast Jaap Stalenburg. Wat tinkt hy fan it hiele barren? Kin Blatter noch wol troch, ek as hy genôch stimmen kriget? Of moat hy hoe dan ek fuort?

Dat en folle mear jûn yn Bynt Sport. Ek binne de wanten fan Kristoffer Nordfeldt noch te winnen by de kwis!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)