Bynt fan 29 jannewaris 2016 17:20

It Bynt Sport Derby Kafee
Snein is it safier. Foar de twadde kear dit seizoen stiet de Fryske derby op it programma yn de earedifyzje. Yn Ljouwert sil SC Cambuur it fan 14.30 oere ôf opnimme tsjin SC Hearrenfean.

In ekstra lange útstjoering
Dêrom sille wy yn it Bynt Sport Derby Kafee prate oer alles wat mar te krijen hat mei de wedstriid fan dit wykein. Is Rai Vloet in oanwinst? Hat Hearrenfean de boel wer op ‘e rit nei de oerwinning tsjin Feyenoord? En hoe grut is it thúsfoardiel eins foar de Ljouwerters?

We dogge dat mei trainer Foeke Booy, sjoernalist Frits Barend, Hearrenfean supporter Hans Anker en de linksback fan de Feansters Lucas Bijker.

En fierder?
Fansels kinsto wer in moaie priis winne mei ús sportkwis, docht de kening fan Kongo in foarsizzing en sjogge wy by de âld-spits fan SC Cambuur én SC Hearrenfean Hennie Meijer!

BY29AP01_1

Snein is it safier: De Fryske Derby!

BY29AP05

Win in moaie priis en jou it goede antwurd op de fraach fan Sander van de Streek!

BY29AP04

Op besite by Hennie Meijer

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)