Bynt fan 29 jannewaris 2015 17:20

Lieve Vader of Leave Heit?
It is dizze moanne 100 jier ferlyn dat de earste Frysktalige tsjerketsjinst hâlden waard. Mar ferstiet de Heare yn 2015 it Frysk noch wol? Programmamakker Remco van der Leeuw gie op ûndersyk út en makke der in ôflevering foar FryslânDOK fan.

Diff
De nije single fan de Fryske band Diff hjit ‘Jealousy’. 2014 wie in bêst jier foar Diff, dat spile op Oerol, Eurosonic, by 3FM en yn De Wereld Draait Door. Krekt foar syn nije plaat útbrocht wurdt skoot sjonger Diff Rouw jûn oan yn Bynt.

Grutte Pier
Hjoed is it 500 jier lyn dat Pier Gerlofs Donia ús Grutte Pier waard. Hy kaam fan Kimswert, en feroare yn in romrofte Fryske frijheidsstrider nei’t de Saksen syn pleats yn 'e brân stutsen. Dat barren sille se yn Kimswert jûn nochris in kear oerdwaan.

Frysk Fablab
Se neame it in Fablab. In âlde bibliobus, sûnder boeken mar grôtfol mei kompjûters, 3D-printers, lasersnijers en moderne software. Sa kinne bern yn de kunde komme mei de modernste techniken. En dit earste Fryske FabLab reizget kommende moandei ôf nei Florence yn Italië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)