Bynt fan 29 jannewaris 2014 18:30

Fan 'e moarn ha we in reportaazje makke by it Noord Nederlands orkest en oan tafel meitsje we mei NNO-direktrise Ingeborg Walinga de balâns op nei in jier fan besunigings. Troch jildkrapte hat it orkest de koers ferlein en is it repertoire ôfstimd op in breder publyk. Slagget dizze nije oanpak?

Fierder in reportaazje oer Jos Boerland. Mei syn platemaatskippij Aliud Records roeit hy tsjin de stream yn. Hy ferkeapet klassike muzyk fia ynternet en fertsjinnet dêr syn brea mei.

Fêste gast Evert Fokkema fertelt oer alternative manieren fan wenjen foar âlderein. Hieltyd minder minsken kieze foar in fersoargingstehûs en slite harren âlde dei yn in lytsskaliger wenfoarsjenning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)