Bynt fan 29 febrewaris 2016 17:20

Mediawet Omrop Fryslân
Kin Omrop Fryslân selsstannich bliuwe of net? Moarn wurdt der yn de Earste Keamer oer de nije Mediawet praat. Yn dizze wet stiet dat alle regionale omroppen opgeane yn ien orgaan: de NPO. Jûn oan tafel sit ferslachjouwer Onno Falkena. Hy folget it debat en is der moarn by.

Reitse giet ynternasjonaal
Sykje nei in stikje bûtenlân yn Fryslân. Reitse Spanninga giet by bûtenlânske (hobby)koks yn Fryslân del en makket in gerjocht klear út dat lân. Dizze wike de Sineeske keuken en dat is mear as nasy goareng en baby pangang.

Klik hjir foar it resept

Bunkers op Skylge
Skylge wie yn de Twadde Wrâldoarloch fan grut strategysk belang foar de Dútsers. Dêrom binne der op dit eilân in soad bunkers te finen, wêrûnder de njoggentich bunkers fan de Tigerstelling.

Sûnt twa jier wurket de Stichting Bunkerbehoud Terschelling der hurd oan om dizze bunkers ûnder it sân wei te heljen en beskikber foar publyk te meitsjen. Gerald de Weerdt hat ûndersyk dien nei de bunkers op Skylge en fertelt hjir jûn oer yn Bynt.

BY29BP01

Reitse yn de Sineeske keuken

BY29BP02

Bunkers op Skylge

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)