Bynt fan 29 april 2016 17:20

Bynt Sport op freed
It giet yn Bynt Sport hjoed oer... keatsen! Oankommende snein is it nammentlik safier, dan barst it keatsseizoen wer los. De manlju sette útein yn Weidum, de froulju meie yn Penjum oan 'e bak. Wy prate oer it nije seizoen mei keatsers Daniël Iseger en Hans Wassenaar en mei Omrop Fryslân-ferslachjouwer Geert van Tuinen. Foar Iseger wurdt it syn lêste seizoen as keatser. Slagget Iseger der mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra op 'e nij yn om de PC te winnen? Ek skoot Hans Wassenaar oan. Kin hy him dit jier definityf fêstigje tusken de top? De man dy't der alles oer wit, Geert van Tuinen, is ek te gast.

En fierder?
Jout keatsgoeroe Jan Braaksma syn miening oer en Daniël Iseger en Hans Wassenaar. Ek is der fansels wer in foarsizzing fan de Kening fan Kongo. Hy sjocht yn syn glêzen bol en foarseit de noardlike derby tusken SC Hearrenfean en FC Grins. Arjens Sportkwis is der hjoed ek wer, allinne wol mei in oare Arjen! Yn de kwis is in echte fuotbal fan SC Cambuur te winnen. Wolle jo dy priis graach winne? Stjoer dan in mailtsje nei bynt@omropfryslan.nl! De fraach wurdt dizze wike steld troch Cambuur-ferdigener Marvin Peersman.

Arjens Sportkwis mei... Marvin Peersman!

Snein start it keatsseizoen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)