Bynt fan 29 april 2015 17:20

In boek oer Hitler
Hy soe fan Joadske komôf wêze, homoseksueel en nei de oarloch nei Argentinië flechten wêze om dêr yn 1986 te stjerren. Oer Adolf Hitler gean de wyldste ferhalen en myten. Se binne optekene yn dit boek: De Hitler Mythes, dat krekt út is. Skreaun troch âld-Dokkumer Sjoerd de Boer.

Total Body Training yn Harns
Slepe mei beamstammen, mei in hammer slaan op in rubberenbân of opdrukke tsjin in stellaazje. It âlderwetsk pompen yn de sportskoalle liket foarby. Hieltyd mear minsken wolle sporte op in Spartaanske wize, sûnder franje. Sportynstrukteur Teatse Tichelaar ûntwikkele syn eigen training en beult alle woansdeis syn sporters ôf yn in âlde loads yn Harns.

It gefoel by 4 en 5 maaie
Alle jierren yn maaie fiere wy de befrijing, en betinke wy de oarlochsslachtoffers. Dit jier is it ekstra bysûnder; de befrijing is 70 jier lyn en de lêste tsjûgen dogge noch ien kear harren ferhaal. Hjoed it ferhaal fan Alphons Katan.

Rydles foar dôven
As in dôve syn rydbewiis helje mei, mei in bline dat dan ek? Dat soart opmerkingen krije de learlingen fan Alex Baalmans gauris nei hun holle slingere. Alex jout rydles oan minsken mei in auditive beheining. Foar minsken dy't dôf binne ha we foar dit petear in dôvetolk dy't út petear fertaalt....Aafke Janna van der Wal ferskynt hjir ûnder yn byld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)