Bynt fan 29 april 2014 18:30

De Oekraïne: it liket foar ús Friezen in ein fuort. We sjogge eltse dei de bylden op tillevyzje fan de driigjende situaasje yn dat lân, mar we ha dêr fierder net echt in bining mei. Mar dat jildt net foar alle Friezen. Willem en Inge Nammensma fan Seisbierrum bygelyks. Sûnt 2010 wenje se in grut part fan it jier, goed twatûzen kilometer fierderop, yn de Oekraïne. Nammensma is manager ierappeltylt op in mega-akkerboubedriuw. Mar troch de politike situaasje beslute se om it lân te ferlitten en binne se wer werom yn Fryslân.

Yn ús rige dizze wike de Twadde Wrâldoarloch yn fiif objekten. Juster koene je it ferhaal achter it Joadestimpel sjen. Hjoed stiet in oar bysûnder foarwerp út it Fersetsmuseum Ljouwert sintraal: `de schoenen van de waanzin'. In pear skuon dat alles te krijen hat mei de loftoarloch boppe Fryslân.

Foar elkenien dy't graach in eigen grientetún meitsje wol is de Bynttún der jûn wer. Ferslachjouwer Miranda Werkman is it hiele jier al mei grientekweker Aat Oosenbrug fan Donkerbroek oan de slach. Jo thús kinne meidwaan. Net eamelje, gewoan dwaan, seit Aat dan. Dizze wike komme alle ôfleverings foarby. Stap 2 is: betink in plan...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)