Bynt fan 28 oktober 2014 17:20

Otterchallenge
Otterleafhawwer Harry Bosma fertelt oer de rêdingsaksje foar syn favorite bist. Want otters wurde bedrige en dêr moat de aksje 'Otterchallenge' feroaring yn bringe. Doel: yn 2020 tûzen otters yn Nederlân. www.otterchallenge.nl

Hylper skilderkeunst
100 jier ferlyn ferstoar Arend Roosje, oprjochter fan de firma Roosje en ien fan de grûnlizzers fan de Hylper skilder- en houtbewurkingskeunst. Titus Stallman sit yn it hjoeddeistige bedriuw en besiket de âlde Hylper kultuer yn eare te hâlden, mar wol mei in moderne slach.

Keunstmoanne
Sneon set de Amelanner Keunstmoanne útein. 100 keunstners litte dan op it eilân harren wurk sjen. Wy sochten in pear fan harren op. Hjoed binne wy by Margreet Halma en Tom Beijl, foar wa't It Amelân in spesjale betsjutting hat.

Mama Mascha
2 ûns griente en 2 stiks fruit. It wurdt al jierren roppen, en dochs binne der noch in hiel soad minsken dy't net sûn genôch ite en libje. En dêrmei mear kâns meitsje op groanyske sykten. Soarchfersekerder De Friesland wol dêr wat oan dwaan en Mascha Perquin, better bekend as Mama Mascha mei har Foodtruck, sil dêr by helpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)