Bynt fan 28 novimber 2013 18:30

Wiebe Wieling stapte hjoed út it stiftingsbestjoer fan SC Hearrefean. In nij haadstik yn de soap om de fuotbalklup. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan om te fertellen wat der spilet efter de muorren fan it Abe Lenstra Stadion.

Novimber is net bepaald de meast fleurige moanne fan it jier, as je sa nei bûten ta sjogge. En seker net as jo yn it noarden fan de provinsje sitte, yn de klaaistreek. Kameraman Jan Bensliman en ferslachjouwer Bart Kingma gean hjoed op syk nei de treast fan de natuer, yn dizze tiid fan it jier.

Goed nijs foar Fryske skriuwers, en in primeur foar ús, want der komt in nije priis. Hokker? Sjoch nei Bynt! Oan tafel sitte inisjatyfnimmer, sels ek skriuwer, Willem Verf en fêste gast Steven Sterk.

Wethâlders hawwe gjin bêste reputaasje. Dat is de miening van âld-boargemaster Titia Lont. Sy komt yn febrewaris 2014 mei de glossy “Wethouders”. Dy wol se troch it hiele lân ferspriede, om it imago fan wethâlders te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)