Bynt fan 28 maart 2014 18:30

  • Foksejacht

Op dit stuit stekke in protte frijwilligers en fûgelwachters in soad tiid yn it beskermjen fan de nêsten fan greidefûgels. Dat dogge se mei alle leafde. Mar wat frustrearjend is, is dat in protte fan dat wurk faak hielendal foar neat is. Benammen foksen rôvje somtiden yn ien nacht in folslein greidefûgelgebiet leech. Yn Fryslân binne nei skatting sa'n twa- oant trijetûzen foksen. Fan ien febrewaris ôf mei de foks yn ús provinsje wer mei ljochtbakken bejage wurde. Bynt stjoerde ferslachjouwer Albert Jensma op 'en paad mei jagers Jan Dijksma en Chris van Zwol, op syk nei de foks.

Fan 13 oant 15 juny komme 4000 G-sporters nei Fryslân foar de Special Olympics. Sporters mei in ferstanlike beheining. Yn Fryslân binne inkele G-sportferienings, mar it kin noch wol wat mear. We diene it rûntsje G-sport troch Fryslân.

In nije haadtrainer foar takom seizoen is der noch net, mar wol is dúdlik dat it haaddoel van SC Hearrenfean de kommende jierren leit op de jeugdoplieding. Dat klinkt simpel, mar is it net. Oant koart lyn wie der gjin goeie link tusken it earste team en de jeugdteams. Bynt sjocht by in training van de C- en D-junioaren. Wat is der feroare? Wat dogge sy dat sa spesjaal is? En wat is de rol fan ús fêste gast Berber van den Berg?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)