Bynt fan 28 maaie 2015 17:20

25 jier Berne-iepenloftspul
Sûnt 1990 kinne skoalbern út Littenseradiel meidwaan oan it berne-iepenloftspul. Dit jier dus in jubileum foar dit grutte teaterspektakel. Foar Nynke Laverman wie it de opstap nei in grutte karriêre op it poadium.

Meindert Talma oer ‘De Ploeg’
Sjonger Meindert Talma hat in nije muzikale biografy makke. Nei nûmers oer ferjitten fuotbalynternasjonals en himsels (‘Nederlands Onbekendste Popster’), is it no tiid foar in ferske oer it libben fan de Grinzer keunstner Hendrik Werkman. Werkman is ferneamd as foaroanman fan keunststreaming ‘De Ploeg’.

Yn de skulden
Yn ús rige oer minsken dy't net mear út de skulden komme kinne, sille we hjoed mei Metsje Tinga op 'en paad. Metsje wurket by Elkien. De wenningkorporaasje sette ferline jier 31 minsken op strjitte, omdat se al langere tiid de hier net mear betellen.

Eenhoorn Joost
Hy waard yn RTL Late Night neamd as ien fan de grutste talinten op YouTube: de 17-jierrige Joost Klein fan Stiens. Op Ynternet hjit hy Eenhoorn Joost. Syn grappige filmkes binne foaral by jongeren tige populêr. Sa hat Joost op syn eigen Youtube-kanaal sa’n 50.000 abonnees...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)