Bynt fan 28 maaie 2014 18:30

Oeds Westerhof oer Kulturele Haadstêd
De freugde wie o sa grut, op 6 septimber 2013. Ljouwert wurdt yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Nei dizze meidieling waard it wat stil rûn de organisaasje, mar de lêste tiid hearre wy wol hieltyd mear ideeën. Hoe stiet it der no eins foar, wat is de stân fan saken? Oan tafel Oeds Westerhof, de man dy't de titel fan Kulturele Haadsted binnen helle.

Alde Biltdyk: Jacob Jensma fan Swarte Haan
It leit gefoelich. Jo miening jaan oer wol of gjin status foar de Alde- en Nije Biltdiken. Want wat it no krekt opsmite kin is net dúdlik. Der hat net genôch ynformaasje west, seit Jacob Jensma fan Swarte Haan. Mei syn frou en bern hat er in restaurant yn in monumintale pleats op in prachtich stikje Nije Biltdyk.

It ferhaal fan Trientsje Dotinga
Wy geane nei it hûs fan frou Dotinga yn Sibrandabuorren. De 79-jierrige Trientsje Dotinga is tydlik opnaam yn fersoargingshûs Leppehiem. It is tydlik om't har soan by har ynwennet yn Sibrandabuorren en dêrom is permaninte opname ôfwiisd. En dat wylst se nei de dea fan har man, no fiif jier lyn, bot achterút gien is. Us fêste gast Evert Fokkema wol dit foarbyld brûke as basis foar syn ferhaal fan jûn.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)