Bynt fan 28 jannewaris 2015 17:20

In brief fan Franklin Roosevelt
Tresoar die juster in grutte ûntdekking. Theo Kuipers fûn yn de argiven in orizjinele brief, skreaun troch in 12-jierrich jonkje. No is dat op himsels net sa bysûnder, mar it jonkje waard letter presidint fan Amearika. Syn namme wie Franklin D. Roosevelt.

Sliepe
De learlingen fan VMBO skoalle De Dyk yn Ljouwert meie nei de simmer in oere langer op bêd lizzen bliuwe. De skoalle wol in "bioritmeroaster" ynfiere en is dêrmei de twadde skoalle fan Nederlân dy't dat docht. De gedachte is dat pubers better presteare as se moarns langer útsliepe kinne. Johan Adema wurket foar de GGZ, wit alles fan sliep en fertelt hoe’t it kin dat wy yn Fryslân hast twa oeren minder sliepe as de rest fan Nederlân.

Grutte Pier
Dizze wike is it 500 jier lyn dat Pier Gerlofs Donia ús Grutte Pier waard. Hy kaam fan Kimswert, en feroare yn in romrofte Fryske frijheidsstrider nei’t de Saksen syn pleats yn 'e brân stutsen. It doarp earet moarn de man fan bûter, brea en griene tsiis mei it yn de brân setten fan syn pleats. Bynt seach by de lêste tariedings.

Michiel de Ruyter
Hy makket in soad los; de film oer 'Michiel de Ruyter' dy't fan moarn ôf yn de bioskoop te sjen is. De ien fynt de film in ferhearliking fan it kolonialisme, de oar sjocht Michiel de Ruyter as in Nederlânske held. It is ien fan de grutste films út ús lân ea, mei in kostpriis fan 8 miljoen. En hy is produsearre troch in Fries, Klaas de Jong!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)