Bynt fan 28 febrewaris 2014 18:30

  • It skip fan Jaap Kiers op Engelsmanplaat

Ljouwerter Jaap Kiers hat sân dagen lang allinnich op in sânplaat west en dêr in ferslach fan makke as e-book. Hy die dat nei it foarbyld fan it legendaryske "Alleen op een eiland" fan Godfried Bomans en Jan Wolkers út 1971. Kiers liet syn skipke droechfalle op It Rif, in sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach, en bleau dêr dus sân dagen.

Jûn it lêste part fan it ferhaal oer earmerkwegerder Thom de Groot. Ferslachjouwer Albert Jensma hat him de hiele wike folge yn syn striid tsjin de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, dy't seit dat hy syn fee ferwaarleazgje soe. Wat bart dizze kear op de pleats fan De Groot?

En mei ús fêste gast Gerard Bos nimme wy de stân fan saken yn de sportwrâld troch. De follybalfroulju fan Snits hawwe bygelyks krekt de beker wûn, Aris giet fierder sûnder coach Ed Molthof en, hoe kin it ek oars, de reedriders komme alwer yn aksje op it NK sprint en it NK allround, dit wykein. Dat en folle mear, jûn yn Bynt!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)