Bynt fan 28 april 2015 17:20

Mei in gitaar nei Kenia
Freed stie er noch te sjongen mei Keniaanske bern yn in weeshûs. Juster stie er op Keningsdei mei syn gitaar yn in kafee yn Emmen. Sjonger Sipke de Boer hat it de ôfrûne dagen drok hân, mar dat hie hy der graach foar oer.

Trochbraak yn de woekerpoalisaffêre?
It Europeeske Hof fan Justysje docht moarn in wichtige útspraak yn de langrinnende woekerpoalis-affêre. In útspraak dy't ek gefolgen ha kin foar jo, want de kâns is grut dat jo ek sa'n poalis ôfsletten ha. Wy prate deroer mei advokaat Harm-Jan Tulp. Hy hat yn 2008 100.000 slachtoffers fan woekerpoalissen bystean en skeaclaims regele.

It gefoel by 4 & 5 maaie
Yn de oanrin nei de deadebetinking fan 4 maaie en it befrijingsfeest fan 5 maaie, bringe we dizze wike alle dagen in persoanlik ferhaal oer de oarloch. Hjoed fertelt presintator Arie Boomsma hoe't hy 4 en 5 maaie belibbet.

De Fryske taalrubryk
Anna Marije Bloem is werom yn de studio. Mei har sjogge wy wer nei de aardichste, grappichste, ynteressantste en oare saken op it mêd fan de Fryske taal. Fryske Twitterdei, Praat mar Frysk, shirts fan Baas Himd, foto’s, filmkes en folle, folle mear!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)