Bynt fan 28 april 2014 18:30

  • De mannen fan Brückenbauer drok dwaande

Wat bart der mei in doarp as de iennige basisskoalle dy't der sit, tichtgiet. Yn Brantgum stean se op dit stuit foar dy fraach. It doarp hat te hearren krigen dat der op de Ids Wiersmaskoalle nei de simmer gjin bern mear terjochte kinne. Yn Bynt skoot Femke de Groot fan doarpsbelang Brantgum oan om dêroer te praten. Ek oan tafel Corina fan Beekhuizen út Hitsum. Dêr is de skoalle in pear jier lyn tichtgien. Is dêr bard dêr't de minsken bang foar wiene?

Gearwurkje mei dyn grutte foarbyld. Foar de measte minsken is dat in dream. Foar de leden fan de Jouster band Brückenbauer kaam ôfrûne wykein dy dream út. Sy hawwe twa nûmers opnaam mei de Amerikaanske sjonger en produsint Ken Stringfellow fan de band The Posies, dy't ûnder oare gearwurket mei bands lykas REM. Bynt wie by de opnamen en seach hoe't dy gearwurking no krekt gie.

In stimpel fan de letter J. Dat is ien fan de fiif bysûndere objekten út de Twadde Wrâldoarloch dy't wy dizze wike sjen litte. Elts objekt komt út it Fersetsmuseum Ljouwert en hat in eigen ferhaal. Hjoed dus in lyts foarwerp mei in grut ferhaal: in stimpel foar Joaden dy't brûkt waard yn it gemeentehûs fan Snits.

En omdat it fakânsje is, sjogge wy dizze wike alle dagen even yn de Bynt-tún. Hjoed begjinne wy by it begjin. Hoe binne wy in pear moanne lyn ek al wer begûn mei de tún op it terrein fan De Cuynder yn Donkerbroek?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)