Bynt fan 27 oktober 2014 17:20

Feiligens yn it maratonpeloton
By maratonwedstriden op Thialf binne sneontejûn twa riders slim ferwûne rekke. En dat wie net de earste kear dat soks barde by it reedriden. Moatte der maatregels komme om it reedriden feiliger te meitsjen? En sa ja, wa moat dêr dan it inisjatyf foar nimme? Wy prate der oer mei maratonrider Douwe Bierma, ien fan de riders yn it peloton dy't altyd wol in helm op hat mei in wedstriid yn tsjinstelling ta in soad oare riders.

Reitse oan it bokbier
Kok Reitse Spanninga hat foar Bynt wer op syk west nei in bysûndere produsint yn ús provinsje. Dizze kear gie hy del by Us Heit yn Boalsert. Dêr meitsje se nammentlik echt, Frysk bokbier. Hoe smakket dat, en kinne je der noch oare dingen mei útsein lekker opdrinke?

Keunstmoanne Amelân
De iepening fan de keunstmoanne op It Amelân stiet wer foar de doar. Oant en mei 30 novimber is it hiele eilân fol fan keunst en kultuer mei ferskate eksposysjes. Ek binne der jûns ferskate foarstellings. It tema fan dit jier is “Terug naar de Kust”. Jûn sjogge wy by keunstner Mariëlle Buckinx. Sy brûkt in soad spul yn har wurk dat oanspielt op it strân.

It doarpshiem yn Stiens
It is dizze wike de wike fan de soarch by Omrop Fryslân. Fansels hawwe wy hjir ek yn Bynt alle jûnen omtinken foar. Idesta is in nijkommer yn soarchlân, harren earste doarpshiem is realisearre yn Stiens. In doarpshiem is in lytsskalige wenfoarm mei 24 oeren soarch. Soarch jûn troch minsken út 'e omjouwing, lykas ús gast oan tafel Greet Bijlsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)