Bynt fan 27 novimber 2015 17:20

BYNT SPORT OP FREED
Freedtejûn betsjut dat it wer tiid is foar Bynt Sport. En ek dizze wike prate wy wer oer it betelle fuotbal yn ús provinsje. Dat dogge wy mei de nije haadtrainer fan IJsselmeervogels Sandor van der Heide, assisint-trainer fan SC Hearrenfean Tieme Klompe en sportsjoernalist Jaap Stalenburg.

Cambuur yn in kreaker tsjin De Graafschap
Jûn stiet der yn Ljouwert in âlderwetske seis punten wedstriid op it programma. Cambuur nimt it thús op tsjin De Graafschap. Beide klups hawwe noch gjin oerwinning yn dit seizoen. Trainer Henk de Jong easket dan ek in oerwinning fan syn ploech.

Hearrenfean yn in oare opstelling
Nei it ferlies fan ôfrûne wike tsjin AZ docht Foppe it oars. Sa komt Branco van der Boomen werom yn ‘e basis by de Feansters en ek Joost van Aken is werom yn ‘e ploech. Binne se klear om de trije punten te pakken tsjin Roda JC?

En fierder?
Fansels kinsto wer in moaie priis winne yn Henk & Henk’s Sportkwis, gean wy in kertierke langer troch op www.omropfryslan.nl/bynt en prate wy noch efkes oer De Graafschap, FC Twente, Roda JC en folle, folle mear!

BY27KO04

Win in moaie priis mei Henk & Henk's Sportkwis

De nije klup fan Sandor van der Heide...

De nije klup fan Sandor van der Heide...

Assistint-trainer Tieme Klompe

Assistint-trainer Tieme Klompe

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)