Bynt fan 27 novimber 2013 18:30

Hoe makkest ien toanielstik fan trije bizarre Fryske ferhalen? Akteur en toanielskriuwer Geert Lageveen fan Drachten hat it besocht mei syn nije wurk, de Welkom Trilogie, dat jûn yn de Lawei yn Drachten syn Fryske premjêre belibbet. Lageveen hat it ferhaal fan Sietske H. út Nij Beets dy't har fjouwer krekt berne poppen ombrocht, kombinearre mei de ferhalen fan de frou fan 63 út Harns dy't nei Italië gie foar in IVF-behanneling en de man út Minnertsgea dyt fjouwer jier dea by syn famylje yn 'e hûs lei. Lageveen fertelt wêrom't hy foar dizze ferhalen keazen hat.

Griis is de kleur dy't regeart dizze dagen. Novimber is miskien wol de saaiste moanne fan it jier. Hielendal as jo net yn in brûzjende stêd wenje, mar op de keale flakte fan it lege boulân. Kameraman Jan Bensliman en ferslachjouwer Bart Kingma lûke dizze wike de learzens oan en dûke de depresje yn. Hjoed giet it oer jonge minsken, dy't noch net de groeden yn it fel ha fan de kâlde seewyn en de swiere klaai.

Hoe sit it mei it taboe op aids? Dizze sykte wie deadlik, mar is tsjinwurdich groanysk. Dochs betsjut dit net dat minsken mei aids of HIV der samar foar útkomme. Bang foar reaksjes fan freonen en famylje kieze se der faak foar om it stil te hâlden. Yn Bynt docht in âldere pasjinte har ferhaal. Snein is it 'Wereldaidsdag' en sûnens-saakkundige Margreet de Graaf skoot oan om út te lizzen wêrom't dit taboe no echt mar ris fan tafel moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)