Bynt fan 27 maaie 2016 17:20

Bynt Sport op freed
We hawwe yn Bynt Sport op freed hjoed in olympyske sporter te gast! Oan tafel sit siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple. Hy giet ynkoarten nei Rio de Janeiro, dêr't yn augustus de Olympyske Spelen begjinne. Postma sil dêr yn de Finn-klasse foar de medaljes stride. We prate der oer mei de heit fan Pieter-Jan, Jan Postma. Ek Ljouwerter Krante-sportsjoernalist Peter van der Meeren sit oan tafel.

Wenning fan Pieter Jan
Pieter-Jan Postma wennet yn Ljouwert, oant safier neat opfallends. Dochs wennet de siler op in bysûndere plak, yn in âld-skoallegebou. Njonken bewenners sit der yn it gebou it Talent Centrum Fryslân. Dêr kinne minsken in opstapke krije om op de arbeidsmerk te kommen. Ek sitte der ateliers fan keunstners yn it gebou. In bysûndere omjouwing dus, dêr't Pieter-Jan Postma wennet.

En fierder?
Kin de Kening fan Kongo it fuotbal dochs noch net los litte. Hy sjocht foarút op de Champions League-finale yn Milaan tusken Atlético Madrid en Real Madrid. Der is yn de kwis fansels wer in moaie en hiel orizjinele priis te winnen. Wolle jo kâns meitsje op in syljack dat droegen is troch Pieter-Jan Postma? Stjoer dan in mailtsje nei bynt@omropfryslan.nl!

Op besite by Pieter Jan Postma

Arjens Sportkwis

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)