Bynt fan 27 maaie 2015 17:20

Besunigings by de regionale Omroppen
Omrop Fryslân is fan 2017 ôf net langer selsstannich. Der komt in soarte fan fúzje mei RTV Noord en RTV Drenthe. Der sil reorganisearre wurde, en der falle ûntslaggen. Direkteur Jan Koster neamt it in swarte dei foar de Omrop. Wat is de takomst noch foar Omrop Fryslân?

Hûdkanker
Hûdkanker is de rapst groeiende foarm fan kanker. Regina van der Sluis oerlibbe dizze ferskriklike sykte en wol no oaren bewust meitsje fan de gefaren fan bygelyks tefolle sinne.

Yn de skulden
Hieltyd mear minsken sitte mei in skuld. Bynt sjocht dizze wike hoe't soks dan giet. Hjoed binne wy mei doarwarder Petronella Stockmann op besite by Anna, dy't muoite hat om rûn te kommen.

It boerinnekoar fan Jan Tekstra
In koar foar froulju fan militêren dy’t yn Afganistan en Irak sieten. It wie in grut sukses yn Ingelân. Yn Fryslân wol sjonger Jan Tekstra soks ek foarinoar krije. Allinnich net mei de froulju fan militêren, mar fan boeren.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)