Bynt fan 27 maaie 2014 18:30

Klimaatalarm
Alarmearjend berjocht fan it KNMI. It waar wurdt hieltyd ekstremer. Mear rein, hagel en stoarm. Dêrneist wurde de winters mylder. Miskien komt der wol nea wer in Alvestêdetocht. Is Fryslân wol klear op de feroarjende waarsomstannichheden? Aaltje Rispens fan it Wetterskip ljochtet ús yn. Ek is Pyt Paulusma te gast. Hy tinkt dat it allegear wol wat tafalt.

Rige: Alde Biltdyk
Op It Bilt is diskusje oer in mooglike beskerme doarpsstatus foar de Alde Biltdyk. De mienings fan de bewenners binne ferdield. Hjoed prate wy mei Lucy de Blécourt. Sy hat in Bêd en Brochje oan de Alde Biltdyk.

Nijs ‘on demand’
Betelje foar nijs op ynternet: der wurdt al hiel lang oer praat. No is it safier en kinne je op de site ‘Blendle’ artikels kieze út de grutte nijsmedia. Tsjin in lytse fergoeding kinne je dy dan lêze. ‘On demand’ dus. Mei Schelte Meinsma prate wy oer de foar- en neidielen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)