Bynt fan 27 jannewaris 2016 17:20

Twifels oer de REC
Der is groeiende twifel yn Harns oer de útstjit fan dioksine troch de REC. Juster seinen de provinsje en de gemeente dat de fierstente hege útstjit, oktober ferline jier, in ûngelok west hat, sûnder gefolgen foar de folkssûnens. Mar dat wurdt net troch elkenien leaud. Miranda Werkman is yn Harns op de ynfomerk oer de ôffaloven en hat it lêste nijs foar ús.

Antje Buisman oan de kofje mei George Clooney
It kin jo hast net ûntgien wêze: Hollywoodakteur George Clooney wie justerjûn yn Nederlân. Goed nijs foar leafhawwers fan de akteur, mar yn it bysûnder foar Antje Buisman út Berltsum. Sy mocht yn it programma RTL Late Night in bakje kofje drinke mei de filmstjêr. Yn Bynt fertelt se hoe't dat wie en wat se allegear mei George bepraat hat.

Nasjonale foarlêsdagen: Billy is oan de beurt
Foarlêze is wichtich foar de ûntwikkeling fan bern en dêrom wurde elk jier de Nasjonale foarlêsdagen organisearre. In wike wêryn’t it foarlêzen foar bern sintraal stiet. Wy giene mei in steigerhouten bêd op syk nei lytse pjutten yn Ljouwert. Hjoed lêst mem Evelien foar út Billy.

Joris Linssen jout ferhalen werom oan it publyk
Presintator Joris Linssen stiet bekend as de man oan wa't eltsenien syn libbensferhaal graach fertelle wol. It smyt net allinnich moaie telefyzjeprogramma's op, mar ek hiele moaie muzyk. Joris skoot oan om dêr mear oer te fertellen.

BY27AP03

Nasjonale foarlêsdagen: Billy is oan de beurt

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)