Bynt fan 27 jannewaris 2014 18:30

It is no al ien fan dé hype's fan 2014. De Be-Like pagina's op Facebook. Ferskate doarpen en stêden yn Fryslân dogge ek mei, bygelyks Lemsters be like, Franekers be like, NHL be like. It doel is grappen te meitsjen dy't oer de eigen mienskip gean en der't de herkenberheid grut fan is. Ynwenners fan de eigen stêden fine it faak hiel grappich, wylst minsken fan bûten de humor net begripe. Mei Henk van der Veer, dichter út Snits en Tim Geilenkirchen (NHL Be Like) laitsje wy om de leukste foarbylden en sykje wy út wêr't de populariteit fan dizze raazje wei komt.

De muzykwrâld is troch de komst fan ynternet de ôfrûne jierren folslein feroare. Cd's wurde troch it massaal downloaden amper noch ferkocht en platemaatskippijen gean ien foar ien oer de kop. De muzykyndustry moat harsels op 'e nij útfine. Ien fan de trends yn de muzyk is Do It Yourself, of Alles Sels Dwaan. Hjoed sjogge wy by Sietse Huisman, beropsmuzikant. Hoe giet hy om mei de feroarings?

Ien kear yn de moanne sjogge we hoe't it giet mei ús eigen Bynt-tún. Jo kinne thús ek meidwaan. Net te yngewikkeld tinke, gewoan dwaan seit túnker Aat. Hy wol mei Miranda ûnder oare oranje blomkoal meitsje. Mar as dat te dreech is, litte se ek sjen hoe't je slaad en tomaten kweke kinne. Ek foar minsken sûnder in hoekje grûn. Yn de tún is der altyd wol wat te dwaan. Ferline kear seagen je dat der bygelyks wakker skept waard. Hjoed wurdt der in planning makke en giet it earste guod de grûn yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)