Bynt fan 27 febrewaris 2015 17:20

Bynt Sport

It is freed en dat betsjut dat it wer tiid is foar Bynt Sport. Jûn skowe sjoernalist Jaap Stalenburg, foarsitter Jelko van der Wiel fan SC Hearrenfean en trainer en âld-spiler Gerald Sibon oan. Wy prate mei harren oer it aktuele fuotbalnijs en mear. Sa waard dizze wike bekend dat de jeugdoplieding fan de Feansters by de bêste 20 fan Europa heart.

Nei de útstjoering gean wy noch een kertierke troch, dat is te sjen fia www.omroplive.nl. It stik is letter ek te sjen op dizze webside en ús Facebookpagina. Fierder kinst wer in moaie priis winne mei de kwis, sjogge wy by de basketballers fan de Oaters op De Jouwer, ha wy in filmke fan kultheld Henk Veerman en folle, folle mear...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)