Bynt fan 26 septimber 2014 17:20

  • Foppe de Haan

Michiel Hemmen
Jûn skoot Michiel Hemmen oan yn Bynt Sport. Mei trije goals is de spits foar no de topskoarder fan SC Cambuur. Mar mei Martijn Barto en Bartholomew Ogbeche is de konkurrinsje grut. Fielt Hemmen him de earste spits fan de Ljouwerters? En hoe sjocht hy nei de bekerlotting, dy't Cambuur juster oan de amateurs fan Scheveningen keppele?

Myn Klup: De Harlinger Mixed Hockey Club
Alle freeds geane wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr sille wy op syk nei it klupgefoel en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike gean wy del by it feterane-alvetal fan de Harlinger Mixed Hockey Club.

Foppe de Haan
Ofrûne wike waard SC Hearrenfean útskeakele yn it bekertoernoai troch Roda JC út de earste divyzje. Wie dat ûnderskatting of kinne de Feansters op it stuit net better? Dochs giet it yn de kompetysje wol bêst, it team stiet fjirde yn de earedivyzje. Mei Foppe de Haan sjogge wy nei de prestaasjes fan SC Hearrenfean. Hoe stiet it der neffens him foar mei 'syn' klupke?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)