Bynt fan 26 oktober 2015 17:20

De ein fan Jelko van der Wiel
Hjoed kaam dan it nijs dat al in skoftsje yn ‘e loft hong. Foarsitter Jelko van der Wiel fan SC Hearrenfean makke hjoed op in parsekonferinsje bekend dat hy opstapte. Mei sportsjoernalist Gerard Bos sjogge wy noch ien kear nei de bestjoerlike ûnrêst by de Feansters.

De apels fan Aat
Jûn is it wer tiid foar de Bynt-tún. Miranda hat wer del west yn de tún en hat dêr in soad apels út de beammen helle. Mar in apeltaart kriget se net fan Aat. Dy wit nammentlik noch wol wat oars om te meitsjen mei de apels...

Fryske help yn Nepal
Dizze wike lit Bynt fjouwer reportaazjes sjen oer it gebiet yn Nepal dat it swierst troffen is troch de ierdbeving fan earder dit jier. Ferslachjouwer Gerrit de Boer gie mei in Fryske helporganisaasje mei om te sjen hoe’t it mei in heal jier giet yn it episintrum fan ‘e beving.

Gerrit yn Nepal
De makker fan ús rige dizze wike is ferslachjouwer Gerrit de Boer. Hoe wie de reis foar him persoanlik? En hoe is it mei it weropbou fan Nepal sels? Jûn it ferhaal fan Gerrit.

Fryske help yn Nepal, diel 1

Fryslân helpt yn Nepal

BY26JO02

Apels út de Bynt-tún

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)