Bynt fan 26 novimber 2015 17:20

Spanning tusken Turkije en Ruslân
Mei it delsjitten fan in Russysk fleantúch troch Turkije is de spanning by de oarloch yn Syrië allinnich mar grutter wurden. Yn Bynt dêrom Sjoerd Galema, âld-deputearre en eigener fan in melkfeehâlderij yn Ruslân. Hoe sjocht hy nei de ûntsteane spanningen?

Meet & Eat
In bysûndere moeting tusken flechtlingen en Fryske húshâldingen. Dat is it idee fan Meet & Eat. Dizze wike sjogge wy alle dagen by sa'n moeting. Hjoed de lêste fan dizze spesjale moetingen.

Spaak de Film
Spaak is in film foar, mei en troch jongeren. Studinten fan de audiofisuele oplieding fan de Friese Poort Drachten sille harren eigen film meitsje. Dêrby krije se stipe fan in echte regisseur. En dat is net sa mar ien, it is Steven de Jong.

Tolke yn de rjochtseal
Fedde Dijkstra is in offisjele tolk by de rjochtbank. Hy stipet foaral boeren, dy’t harren yn de rjochtseal uterje wolle yn it Frysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)