Bynt fan 26 novimber 2013 18:30

Wy sjoppe wat ôf yn de oanrin nei Sinteklaas: yn de stêd, mar ek op ynternet. Wy googleje ús in slach yn de rûnte op syk oanbiedings en miene dat Google ús dan it goedkeapste foarset. Mar is dat wol sa? Hoe brûke wy Google en hoe brûkt Google ús?

En in reportaazje oer de hjerst op de klaai: as it novimber wurdt, liket it lân achter de seedyk de ein fan de wrâld.

Sûnder heit en mem op de flecht nei in oar lân en dan as 'AMA' yn in asylsikerssintrum bedarje, dêr't je dan mei neat om hannen in ûnsekere takomst temjitte gean. Mei in nij trajekt krije allinnichsteande minderjierrige asylsikers in coach en leare se wer fan harsels te hâlden en út te finen wêr't se goed yn binne. Yn Bynt sjogge we hoe't dat giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)