Bynt fan 26 maart 2015 17:20

It Frysk diktee
Skriuwer Ferdinand de Jong makket de tekst foar de 13e edysje fan it Frysk diktee. Jûn komt hy mei in lyts foarpriuwke. Ek hat hy spesjaal foar ús noch in ekstra sin makke, dy’t hy jûn foarlizze sil oan de oare gasten én presintator Arjen de Boer!

Hokker ferhaal wurdt ferfilme?
Ut de Fryske ferhalewedstryd binne trije winners kaam. Ien fan dizze trije skriuwers wint in ferfilming fan it ferhaal troch ús eigen Bart Kingma. Jûn meitsje wy live yn Bynt it winnende ferhaal bekend, mei alle nominearren en Anne Popkema fan it Frysk Skriuwersboun.

Trekfestival
Hjoed sjocht Miranda foar de lêste kear by it Trekfestival yn Noardeast-Fryslân. Dat docht se dizze kear by de Bonifatiuskapel yn Dokkum, dy’t ek part fan it festival is.

De Ipad as part fan de húshâlding
De tablet en de smartphone binne eins net mear fuort te tinken út ús deistich libben. Jonge bern groeie der mei op en pjutten swipe der op los. Mediacoach Evelyn Verburgh leit út wat de foar- en neidielen binne fan dit nije famyljelid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)