Bynt fan 26 maart 2014 18:30

De hiele wrâld oer sile yn de Volvo Ocean Race. Dat is dé grutte dream fan Olympysk siler Pieter-Jan Postma út Ljouwert. Syn training foar de Spelen fan Rio yn 2016 hat hy even oan de kant skood om in plakje op de Ocean Race boat fan skipper Bouwe Bekking te krijen. Ha besiket him der no foar te pleatsen, mar hoe giet dat no krekt? En wat betsjut dit foar syn kânsen op in medalje yn Rio 2016?

Yn ús rige oer de Special Olympics sette we hjoed de spotlights op Jeffrey van Uffelen. Jeffrey is 24 jier en fuotballet yn it G-team fan Heerenveense Boys. Ek hy sil dit jier meidwaan oan de Special Olympics. En wa kinne we better freegje om him te coachen dan de man dy't SC Hearrenfean grut makke hat, Foppe de Haan.

Yn Fryslân binne ûngefear 180.000 minsken te swier. Dêrom hawwe ferskate partijen, bygelyks de NHL en it MCL, in nagelnij e-coach programma ûntwikkele dat minsken mei oergewicht helpe moat. Hjir falle se stadich mei ôf en ûntwikkelje in sûnere libbensstyl. Chris Bolder fan Limis, dy't it programma makke hat en fêste gast Evert Fokkema prate jûn yn Bynt oer de foar- en neidielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)