Bynt fan 26 maaie 2016 17:20

Wyld fan twa byldsjes
It is in dream dy’t útkomt foar konservator Eline van den Berg: de oankeap fan twa hiel seldsume Japanske byldsjes troch Keramykmuseum Princessehof. It giet om saneamde Kakiemon-plastiken. Wêrom’t se no sa wyld is fan krekt dizze byldsjes, dat hearre wy yn Bynt...

Life is beautiful
Aktrise Klaasje Postma siket foar Bynt minsken op dy't it nedige meimakke ha yn it libben. Krekt as de haadrolspylster fan har stik dêr't se no mei op de planken stiet: Life is beautiful. Hjoed: Teaksje Zijlstra fan Frjentsjer, oer it omgean mei in slimme sykte.

Fuort mei de ‘zesjescultuur’
De ‘zesjescultuur’, dêr ha se net folle mei op by it Lauwers College yn Bûtenpost. Se wolle alles út de bern helje wat deryn sit. Dêrom wie astronaut André Kuipers begjin dit skoaljier te gast foar in ynspirearjende lêzing.

Friezinne yn Cannes (2)
George Clooney, Julia Roberts en Justin Timberlake skitteren ferline wike op de reade loper by it Filmfestival yn Cannes. Dêrtusken stie ek Friezinne Johanneke Dijkstra. Har film Ritus waard op it festival fertoand.

Rige: ambysjes op it Lauwers College

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)