Bynt fan 26 maaie 2015 17:20

Ferkiezingen yn Suriname
Desi Bouterse; yn Nederlân in krimineel, mar yn Suriname de populêrste man fan it lân. Nei alle gedachten wurdt hy op 'e nij keazen as presidint. Surinamer om utens Joy Kisoenpersad ferlear syn omke by de desimbermoarden, mar kin Bouterse dochs wol wurdearje.

It nije Aqua Zoo
Aqua Zoo, de bistetún oan de râne fan Ljouwert, gong begjin dit jier fallyt. Mar neffens de nije eigeners hoege wy ús gjin soargen te meitsjen. Nei de trochstart wurdt it park aardiger, spannender en ynteressanter as ea. Dat seit alteast de nije manager, Martin van Hees.

Yn de skulden
Hieltyd mear minsken sitte mei in skuld. Bynt sjocht dizze wike hoe't soks dan giet. Hjoed it earste diel mei Petronella Stokman fan Incassade.

Fryske taalrubryk
Hjoed is it de lêste tiisdei fan de moanne. Dat betsjut dat dosint Frysk Anna Marije Bloem wer oanskoot yn Bynt om it lêste nijs oer it Frysk troch te nimmen. Mei hjoed ûnder oaren it Frysk diktee, Jelle B., Iris Kroes en folle mear aardige, Fryske saken!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)