Bynt fan 26 maaie 2014 18:30

Erwin Zeinstra wer yn Fryslân
Nei in spannende Champions League-finale is Erwin Zeinstra no wer werom op Fryske boaiem. Roelof de Vries socht him hjoed op, op syn wurk yn Ljouwert.

Krústocht yn stripfoarm
Yn 1217 gong der in groep Friezen en Grinzers op krústocht nei it Egyptyske Damiate. Dat ûntduts histoarikus en stripleafhawwer Josse Pietersma fan Den Haach. It slagge harren de sted yn te nimmen. Tegearre mei histoarikus en tekenaar Jouke Nijdam makket Pietersma in histoarysk ferantwurde stripferhaal oer dy tocht.

Rige: Alde Biltdyk
De Alde Biltdyk, al 500 jier karakteristyk stikje Fryslân. De âlde seedyk is mei syn 14 kilometer de langst bewenne strjitte fan Nederlân. Mei de Nije Biltdyk en al it achterlân wol de rykstjinst foar kultureel erfguod it de status fan beskerme doarpsgesicht jaan. Yn it gebiet sels leit it gefoelich.

Italiaanske tsiis mei in Frysk tintsje
Mozzarella út ús eigen streek, dat liket ûnmooglik. It is ommers in Italiaanks produkt. Dochs kin it, want boer Veenstra makket it. Lyk oer de grins mei Fryslân hat Martijn syn pleats dêr't hy oan de tsiis wurket. Wol mei help fan in Italiaanske kompanjon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)