Bynt fan 26 jannewaris 2016 17:20

Gjin ljipaaien meinimme
Deputearre Steaten jout dit jier definityf gjin ûntheffing foar it meinimmen fan ljipaaien út it lân. De aaien meie wol socht wurde, mar net meinommen wurde. In goed beslút of net? Dat hearre jo jûn yn Bynt fan Rendert Algra, foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW). Mar ek deputearre Johannes Kramer jout syn reaksje live út it provinsjehûs.

De ekonomyske termometer
Hoe giet it mei ús ekonomy? Soene de drege tiden foarby wêze? Wy hat it deroer mei Albrecht Kok, foarsitter fan de NVM-makelers yn Fryslân. Sjoch jûn yn Bynt hokker sifer hy jout oan de wenningmerk.

Nationale Voorleesdagen: Sssssssssttttt
Foarlêze is wichtich foar de ûntwikkeling fan bern en dêrom wurde elk jier de Nationale Voorleesdagen organisearre. In wike wêryn’t it foarlêzen foar bern sintraal stiet. Wy giene mei in steigerhouten bêd op syk nei lytse pjutten yn Ljouwert. Hjoed lêze wy foar út: Sssssssssttttt.

De taalrubryk fan Anna Marije Bloem
As adviseur meartaligens by it CEDIN striidt Anna Marije Bloem foar in meartalige opfieding fan bern. En wat is dêrfan no in moaier foarbyld as ús eigen Doutzen Kroes dy’t Frysk praat tsjin har soantsje Phyllon! Dat en mear jûn yn ús taalrubryk. Of ja, ús taalrubryk? De taalrubryk fan ús eigen Anna Marije Bloem.

BY26AP03

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)