Bynt fan 26 febrewaris 2016 17:20

Bynt Sport op freed
We kinne der hjoed net omhinne en dat dogge we dan ek net. It giet yn Bynt Sport op freed oer de Alvestêdetocht fan 1986, hjoed-de-dei presys tritich jier lyn. We prate deroer mei de nûmer twa Rein Jonker, toerrider Ids Willemsma en de doetiidske ferslachjouwer Sippy Tigchelaar. It ûngelok fan Rein Jonker, de oerwinning van Evert van Benthem en de sfear by de tocht, alles komt op tafel.

W.A. Van Buren
De opfallendste ferskining fan de Alvestêdetocht yn 1986 wie fansels W.A. Van Buren, de hjoeddeistige kening Willem-Alexander. As 18-jierrich jonkje ried Willem-Alexander de folsleine tocht, wêrnei't er by de finish op de Bonkefeart opwachte waard troch prins Claus en keninginne Beatrix. Ien fan de minsken dy't foar de feiligens fan Willem-Alexander soargje moast, wie Fokke Jan Vonck. Hy wie de man dy't Willem-Alexander fersoarge mei iten, drinken en pleisters. De hiele tocht hat Vonck yn 'e auto efter de doetiidske prins oanriden. Ek op redens waard Willem-Alexander goed befeilige: Der wiene ek noch twa manlju dy't mei him meirieden.

En fierder?
Fierder is der hjoed in spesjale Alvestêdetochtfoarsizzing van waarman Piet Paulusma. Fansels is ek Arjens Sportkwis der wer, mei dizze wike in moaie reedrydpriis. Om dy te winnen moatte jo wol it goeie antwurd maile nei bynt@omropfryslan.nl. Boppedat sjocht de Kening fan Kongo wer nei it fuotbal fan oankommend wykein, hy foarseit de útslach fan de wedstriid tusken SC Hearrenfean en De Graafschap.

Fokke Jan Vonck, befeiliger fan Willem-Alexander

Fokke Jan Vonck, befeiliger fan Willem-Alexander

Arjens Sportkwis mei... Caner Cavlan!

Arjens Sportkwis mei... Caner Cavlan!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)