Bynt fan 26 april 2016 17:20

Tritich jier Tsjernobyl
Hjoed is it 30 jier yn dat de kearnsintrale yn Tsjernobyl, yn it tsjintwurdige Oekraïne, ûntplofte. Mei Piet Santema sjogge we nei de gefolgen fan dy ramp. Hy en syn frou ha 14 jier lang gastgesin west foar twa jonkjes út Tsjernobyl.

In tas fan in bakje patat
Bakjes patat, pankoeken, sûkeladekoekjes. Fan alles wat lekker is, makket Rommy Kuperus in tas, of in ketting. Foaral Japanske froulju binne gek op har merk 'Rommy de Bommy'.

Sporters yn in serviceflat
Yn Serviceflat Oranjewoud wenje net allinnich senioaren, mar ek sporters. Hoe wenje se dêr en wat fine de âldere bewenners dêrfan?

de lêste nijtsjes oer it Frysk
Op dizze lêste tiisdei fan de moanne is Anna Marije Bloem wer te gast om ús bij te praten oer de lêste nijtsjes oer de Fryske taal. Diskear oer Fryske Twitterdei, sjongende koppen út it sân, en 'welcome to my crib' yn it Frysk.

BY26DP01

Yn Serviceflat Oranjewoud wenje senioaren en sporters gesellich neist elkoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)