Bynt fan 25 novimber 2014 17:20

* Hoe komt it mei de Sionsberg?
* Libje fan de itensbank
* Bert Wagendorp
* Op besite by de Maritime Akademy

It doek liket no definityf te fallen foar sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. Eigener Soarchgroep Pasana sit yn de finansjele problemen en it is noch mar de fraach oft it sikehûs in trochstart meitsje kin. Hoe moat de regio fierder sûnder sikehûs? Herman Eldering, bewenner fan de soarchflat neist de Sionsberg, makket him grutte soargen.

Bestean moatte fan de itensbank is net maklik. Dochs kin it elkenien oerkomme. Jan Poppinga wie in skoft ôfhinklik fan de 'Voedselbank' mar krabbelet no wer op. By ús fertelt er syn ferhaal.

Bert Wagendorp is benammen bekend as kollumnist fan de Volkskrant en fan syn bestseller Ventoux, dêr't takom jier in ferfilming fan komt. No skriuwt er in boek mei syn dochter. Jûn is er yn Fryslân, en skoot er by ús oan.

Dizze hiele wike binne we te gast op de Maritime Akademy yn Harns. De iennige VMBO-skoalle dy't de studinten in baangarânsje jout. In bysûndere skoalle, mei hiel eigen gebrûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)