Bynt fan 25 novimber 2013 18:30

Yn Bynt jûn omtinken foar de Praat mar Frysk-kampanje. Doel fan de aksje is om it brûken fan it Frysk te stimulearjen. Der binne stickers makke mei de tekst 'Mei ik wol oer' (nei oanlieding fan it 'liken' op Facebook). Boppedat wurdt oan minsken frege om foto's te meitsjen fan Frysk yn de iepenbiere romte ('Frysk op 'e dyk').

In nije wike betsjut ek wer in nije rige. Dizze wike oer novimber. Dizze moanne is foar in soad minsken lestich om troch te kommen. De moaie hjerstdagen binne foarby, de feestdagen binne noch fier fuort en snie- en iiswille ek. Hoe komme minsken dizze dagen troch? Al hielendal asto wennest yn in streek dêr't it alhiel keal en griis wurdt: yn it noarden fan de provinsje, op de klaai. Kameraman Jan Bensliman en ferslachjouwer Bart Kingma lutsen de learzens oan en dûkten de depresje yn. Op syk nei de kleuren fan novimber.

Hjoed wurdt bekend hokker restaurants in Michelinstjer hâlde of krije. Wy sjogge hoe't se by in toprestaurant dizze dei belibje. Hoe spannend is it en hoe gean de sjefkoks dêrmei om? Oan tafel kulinêr resinsint Brenda de Zwaan fan de Ljouwerter Krante dy't alles fertelt oer de wrâld fan iten op nivo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)