Bynt fan 25 maart 2015 17:20

Foarstelling oer Ljouwerter yllúzjonist
Der komt in earbetoan yn 'e foarm fan in teaterfoarstelling oer de ferneamde Ljouwerter yllúzjonist Ritsko van Vliet. Syn soan, Ritsko van Vliet junior, is mar wat grutsk. Teatergroep BUOG komt takom jier mei in foarstelling oer de generaasjekleau tusken heit en soan.

Hoe moast dyn hús ferkeapje?
Mear as 10.000 huzen steane der op dit stuit te keap yn Fryslân. No sneon is der wer in 'Open Huizenroute", en dêrmei set ek it twadde 'Woonoffensief' fan de provinsje útein. Allegearre mei as doel om safolle mooglik wenningen ferkocht te krijen. Mar hoe krigest dyn hûs no it fluchst ferkocht, en wat moatst foaral net dwaan? Ynterieurarsjitekt Andrea de Haan jout tips.

Op besite by it Trekfestival
It gebiet is prachtich en dêr soene mear minsken har bewust fan wurde moatte, dat fynt de organisaasje fan it Trekfestival dat kommend wykein foar it earst hâlden wurdt. In groep ûndernimmers, om nasjonaal park it Lauwersmargebiet hinne, set de doarren waachwiid iepen en organisearret fan alles op har eigen terrein.

De tsiis fan Otto-Jan
De biologyske tsiis fan tsiismakker Otto-Jan Bokma fan It Heidenskip is oer de hiele wrâld te krijen. It leit yn tsiiswinkels fan New York oant Parys. En no is hy yn 'e race om boer fan it jier te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)