Bynt fan 25 maart 2014 18:30

Bynt sjocht mei by de opnamen fan it programma 'Vroege Vogels' yn it Lauwersmargebiet. Nei it sukses fan de film 'De Nieuwe Wildernis' binne der by de publike omrop plannen om in nije film te meitsjen, ditkear oer it Waad.

Yn de rige fan dizze wike sjogge wy foarút op de Special Olympics dy't begjin juny yn Fryslân hâlden wurde. We keppelje in bekende Nederlanner as coach oan in G-sporter. Hjoed: Barbara de Loor en swimster Aaltsje van der Iest.

En: se binne de skrik fan eltse wanbeteller: doarwarders. Mar se dogge fansels ek mar gewoan har wurk. Hoe kinne je minsken dy't harren rekkens net betelje no it bêste benaderje? By ús oan tafel in petear mei Geesje Duursma en Paul Otter, direkteur fan buro Incassade.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)